Ried fan Steat kritysk oer bestimmingsplan haven Skylge

21 jun 2019 - 21:03

De gemeente Skylge krijt krityk fan de Ried fan Steat yn Den Haach oer harren plannen foar it havengebiet. De gemeente stiet nije ûntwikkelings ta mar hat mooglik te min rekken hâlden mei de natuer.

Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

In omwenner fan de haven stapte nei de Ried omdat it Griene Strân yn it nije bestimmingsplan net erkend waard as natuerterrein. It soe deryn benammen in ferkearsfunksje krije. Boppedat hat de gemeente mear mooglikheden foar eveneminten kreëarre. Dat soe ek skealik wêze kinne foar de natuer. De rjochter konstatearre freed by in sitting dat it bestimmingsplan it mooglik makket dat it gebiet ferhurde wurdt en dat der dan fan it strân en de bistjes net folle oer bliuwt.

De gemeente Skylge hat tajûn dat se te min rekken hâlden hat mei de natuerwearden yn De Kom, in wettergebiet dat drûch falt en dêr't ek wol seehûnen lizze.

De Ried fan Steat docht oer likernôch seis wike útspraak, mar liet freed al blike dat de gemeente mear stúdzje nei de natuerwearden dwaan moatten hie. "U heeft het uzelf moeilijk gemaakt", sei de rjochter.

Trefwurden: 
Skylge Griene Strân
(Advertinsje)
(Advertinsje)