FIDEO: Kuorballers LDODK kinne NK histoarje skriuwe

21 jun 2019 - 20:16

Noch nea waard in Frysk kuorbalteam kampioen fan Nederlân by de senioaren. Dêr kin sneon feroaring yn komme. LDODK spilet dan om 18.00 oere de finale tsjin DOS'46 út Nijeveen yn De Lier. By winst is de earste NK titel op it fjild foar de Gordyksters, én foar Fryslân, in feit.

Ien kear earder stie LDODK yn de finale om de lânstitel op it fjild. Yn 2017 waard ferlern fan Blau Wyt Amsterdam mei romme sifers: 22-12, nei 8-7 by it skoft. Ynternasjonal Erwin Zwart siet doe mei in knibbelblessuere oan 'e kant en spilet no dus syn earste finale.

DOS'46 út Nijeveen hat histoarysk sjoen folle bettere resultaten. Yn 1982 en 2007 waarden de Drinten kampioen fan Nederlân op it fjild. Yn de seal binne de prestaasjes út it ferline noch better. Dêr gie de kampioensbeker fjouwer kear mei nei Nijeveen: yn 1982,2006, 2007 en 2009.

(Advertinsje)
(Advertinsje)