Marten Winters bringt minsken yn ûnstjoer op Oerol

Midden yn de bosken by Skylge-West is in iepen fjild: de Griene Pôlle. Keunstner Marten Winters hat hjir foar Oerol in saneamde expeditie 'Man op het veld' makke. It is de earste kear dat Winters - bekend fan it papieren skip en de 8ste dag - as keunstner wat op Oerol docht.
Marten Winters op Oerol
Foar Tresoar hat hy wat makke oer plaknammen. "Elts plakje op Skylge hat in namme. Soms is it hiel grappich en soms hiel serieus". Mar hy hat der as keunstner syn eigen draai oan jûn. It is foar him in oanlieding om in ferhaal te fertellen. "Om minsken mei te nimmen yn in wrâld fan in man dy't hjir omspûket." Allinnich: spilet Marten Winters no himsels of dochs net?
Winters hat net in skiednis mei Oerol, mar seit dat dit ien fan de leukste dingen yn syn karriêre is. De lêste jierren hat hy it drok hân mei grutte projekten wêrby't in soad regele wurde moast, lykas de 8ste dag. "Ik bin ek in makker en kin no wer ris sels dingen betinke en útfiere."
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Ferslachjouwer Wendy Kennedy sit op Oerol en is op syk nei it 'Oerolgefoel'. Earder befrege se tangofenomeen Carel Kraayenhof, dy't in rol spilet yn de foarstelling Lost Tango, singer-songwriter Douwe Bob en seach se by de foarstelling Part Time Paradise en op festivalterrein De Betonning.