Nei 80 jier leit der wer in Fryske ielaak yn London

Nei seis dagen silen is de ielaak Korneliske Ykes II út Heech oankaam yn Londen. De bemanning hat it skip flakby de ferneamde Tower Bridge op de foto set. Ferline wike sneon begûn de reis yn Heech.
© Facebook Palingaak London
De Korneliske Ykes II is in rekonstruksje fan in aak dy't yn de jierren tritich brûkt waard as silend frachtskip. Tiisdei kaam it skip al oan yn Ingelân, nei in tige rêstige oerstek.
"We hebben het gedaan! Voor het eerst in 80 jaar ligt er weer een Palingaak in London." Skriuwt it team op harren Facebook-pagina.
Yn it wykein stiet it earste evenemint op it programma. Der komme tal fan klassike skippen byinoar.