Seehûnesintrum Pieterburen: "Lit jonge seehûnen mei rêst"

21 jun 2019 - 17:38

It seehûnesintrum Pieterburen ropt it publyk op om jonge seehûntsjes en harren memmen mei rêst te litten. Ut ûndersyk docht bliken dat folle minder seehûnepups ferlet fan help hawwe as earder tocht waard. Faak liket it der op dat de pups allinne binne, mar meastentiids is de mem tichtby. Troch ôfstân fan de bisten te hâlden en se earst mar ris in skoft yn de gaten te hâlden, kin ûnnedige opfang foarkaam wurde.

Seehûnesintrum Pieterburen - Foto: ANP

No't der moai waar foarsein wurdt de kommende wike, is it de ferwachting dat in soad minsken der op út geane en mooglik yn kontakt komme mei seehûnen. En krekt yn dizze tiid fan it jier wurde in soad jonge seehûnen smiten.

As minsken in seehûnejong sjogge en tinke dat der gjin mem mear is, kinne se it bêste kontakt opnimme mei ien fan de opfangsintra, is it advys.

Te gau yngrepen

Op dit stuit sitte meardere pups yn de opfang om't it publyk te gau yngrepen hat. Twa wiken lyn krige it sintrum yn Pieterburen bygelyks noch in jong seehûntsje yn in boadskiptas. En ôfrûne tiisdei kaam in pup binnen dy't oeren lang 'holpen' wie troch minsken.

It Seehûnesintrum seit dat it bêst snapt dat minsken goede bedoelingen hawwe. Mar dizze aksjes soargje der wol foar dat de mem net mear by it jong komme kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)