Kolleezje: Nij swimbad Drachten moat oan de Tuskendjippen komme

21 jun 2019 - 17:03

Drachten soe in nij swimbad krije moatte oan de Tuskendjippen. Boargemaster en wethâlders stelle de gemeenteried foar om de mooglikheden dêrfoar fierder te ûndersykjen. De ried praat der nei alle gedachten yn septimber oer.

De Welle yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De ried hat twa jier lyn besletten dat it besteande swimbad De Welle ferfongen wurde moat troch in folslein nij swimbad. Dat swimbad moat in 50-meterbad krije, mar ek in rekreaasjebad, in doelgroepenbad en in wetterboartersplak bûtendoar.

It is de bedoeling om takom jier mei de oanlis fan it nije swimbad te begjinnen.

Ferskate lokaasjes ûndersocht

De ôfrûne twa jier binne foar ferskate lokaasjes de mooglikheden ûndersocht, bygelyks oan de Sportleane en de Noarderhegewei. Ut de ûndersiken die bliken dat de Tuskendjippen ek in geskikte lokaasje wêze soe. It kolleezje fielt it measte foar dat plak, ûnder oare om't de kâns dêr it grutste is dat besikers fan it swimbad ek it sintrum fan Drachten yngean sille. Dat leit dêr flakby.

Boargemaster en wethâlders stelle de gemeenteried no foar om de lokaasje oan de Tuskendjippen fierder út te wurkjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)