Johnny Jansen presintearre as haadtrainer SC Hearrenfean

21 jun 2019 - 16:51

Johnny Jansen makket dit seizoen syn debút as haadtrainer yn it betelle fuotbal. Nei't Jan Olde Riekerink ferline seizoen dien krige, wie Jansen al fiif wedstriden einferantwurdlik. Dit seizoen krijt hy de kâns fan SC Hearrenfean oan de slach te gean as haadtrainer. "Als je hier als 13-jarige binnen komt lopen en dan nu de kans krijgt trainer te worden, dan ben je supertrots."

It wurdt foar Johnny Jansen syn earste klus as haadtrainer. De 44-jierrige oefenmaster út Noardwâlde hat dúdlik foar eagen wat hy wol.

"We moeten energie uitstralen en stabieler worden. In met name thuiswedstrijden hebben we te weinig het publiek vermaakt. We willen een elftal zien dat enthousiasme uitstraalt, hard werkt en naar voren speelt. Het publiek moet zich in het elftal herkennen, er moet een klik met de fans ontstaan.'

Johnny Jansen krijt Jeffrey Talan as ien fan syn beide assistinten. Mei Jansen en Talan is keazen foar echte klupminsken. Beiden wurkje opteld al mear as 50 jier by SC Hearrenfean.

"In de tijd van Ron Jans was ik ook betrokken bij het eerste. Toen had ik vooral de aanvallers onder mijn hoede. En dat was een schitterende voorhoede met jongens als Narsingh, Assaidi, Dost en Djuricic. Ik heb altijd gezegd dat ik graag weer op het veld wil werken. Ik ken Johnny door en door. We hebben samen de onder 17, de onder 19 en de beloften getraind. Ik heb er heel veel zin in," seit Talan. Michel Jansen wurdt no haad jeugdoplieding.

De technyske stêf wurdt kompleet makke troch Hennie Spijkerman en Raymond Vissers. De 68-jierrige Spijkerman hat in soad ûnderfining. De man út Swol is al mear as 40 jier aktyf yn it betelle fuotbal. Hy wie doelman by PEC Zwolle en Go Ahead Eagles en trainde ek VVV-Venlo, FC Emmen en FC Zwolle.

Raymond Vissers is krekt as ferline jier de keeperstrainer. Hy tekene in kontrakt foar ien seizoen.

Spijkerman

Yn 2006 waard Spijkerman assistint by Ajax. Yn 2010 gie hy oan 'e slach as technysk direkteur by it Súd-Afrikaanske Ajax Cape Town. Hjir wurke hy tegearre mei Foppe de Haan. Fan 2011 oant 2017 wie hy op 'e nij assistint by Ajax en yn dyselde funksje wurke hy it ôfrûne seizoen by FC Grins.

Spijkerman: "Ik had de ambitie nog een keer naar het buitenland te willen. Daarom heb ik vroegtijdig aangegeven dat ik zou stoppen bij FC Groningen. Maar het afgelopen half jaar kwam er geen aanbieding waar ik in wilde stappen en toen kwam Heerenveen. Ik wil graag op het veld staan als assistent. IK wil geen hoofdtrainer meer zijn. Vroeger was je gewoon trainer/coach, maar tegenwoordig kan je er beter de naam van 'manager' erop plakken. Daar heb ik eerlijk gezegd niet zoveel zin meer in."

(Advertinsje)
(Advertinsje)