Tresoar siket 'kadokeunstwurkjes' Ids Willemsma foar pop-upmuseum

Tresoar freget eltsenien om 'kadokeunstwurken' fan Ids Willemsma beskikber te stellen foar in pop-upmuseum yn Obe (Ljouwert). De keunstner hat hûnderten lytse keunstwurkjes makke dy't er oan freonen, famylje en oare bekenden joech.
Ids Willemsma © Omrop Fryslân, Karen Bies
Eltsenien dy't sa'n keunstwurk, grut of lyts, krigen hat fan Willemsma en dat sjen litte wolle yn Obe, kinne kontakt opnimme mei Tresoar. It histoarysk en letterkundich sintrum freget wol oft minsken dan in lytse omskriuwing en foto meistjoere wolle.
Willemsma is benammen bekend fan syn keunstwurken yn de iepenbiere romte, dy't geregeld byldbepalend binne. Ferneamde foarbylden binne it timpeltsje op de dyk by Marrum, it byld dat er makke as earbetoan oan Foekje Dillema of it keunstwurk dat njonken de Sintrale As stiet.

'Kromkommerplanke'

Minder bekend binne de lytsere keunstwurken dy't hy faak oan oaren joech. In 'kromkommerplanke' bygelyks oan ien dy't foar it earst op keamers gie en in tekening foar in jierdei.
Dy keunstwurken wurde op 24 augustus tentoansteld yn Obe. Ids Willemsma is dêr sels ek. Hy jout in optreden mei dichters Grytsje Schaaf, Anne Feddema en Elske Kampen. It pop-upmuseum is ûnderdiel fan de programmearring by de tentoanstelling 'IDS! sjen sjoch sjoen', ek yn Obe.