Brân yn sinnepanielen: hoe sit dat?

21 jun 2019 - 16:31

De sinnepanielen op it dak fan sporthal de Houtmûne yn Bûtenpost stiene freedtemoarn yn de brân. Lokkigernôch wie de brân gau ûnder kontrôle. Acht panielen binne fuortbrând. De brân bleau beheind ta de sinnepanielen. De sporthal sels is net skansearre.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens

Jan Willem Zwart oer sinnepanielen

It is dus mei in skamper ôfrûn. Neffens Jan Willem Zwart fan de brânwacht wie der gjinien oan it sporten doe't de brân ûntstie. Allinnich de behearder wie yn de sporthal oanwêzich. "Dy hat rap hannele. Der wiene meardere minsken dy't seagen dat der reek fan it dak kaam. De behearder tocht fuortendaliks dat it oan de sinnepanielen lei."

Brân yn sinnepanielen

Mar brân yn sinnepanielen, hoe kin dat? Kinne dy dingen net just oer in soad waarmte? "Je moatte je foarstelle dat sinnepanielen in eigen enerzjysintrale op it dak binne. It binne allegearre skeakele sellen, dy't mei kabels oan inoar fêstsitte. As der sluting tusken sellen ûntstiet, dan kin it te hjit wurde", leit Zwart út.

Yn dit gefal binne der acht kollektoaren echt ferbrând. "Wierskynlik binne se te hjit wurden. Dat is eins in hiel gefaarlike situaasje." De brânwacht pakt brân yn sinnepanielen altyd tige foarsichtich oan. "As je de kabel fan sinnesellen losknippe, bliuwe dy enerzjy jaan. Dus it is hiel gefaarlik as je dêr wetter op spuitsje of it oanreitsje. Dan kinst elektrokutearre wurde."

Hieltyd mear sinnepanielen

No binne der hieltyd mear sinnepanielen op hûzen en oare gebouwen. Jout dat mear risiko op brân? "Dit is wol wat dêr't we rekken mei hâlde moatte. De brânwacht yn Fryslân wurdt dêr ek op traind. Wat foar minsken mei sinnepanielen wichtich is om te witten: soargje derfoar dat je se profesjoneel ûnderhâlde. Soargje derfoar dat de omfoarmer, dy sit meastal yn 'e hûs of yn 'e garaazje, frij stiet en dat der gjin stof op komt."

Fierder is it wichtich om regelmjittich it dak te kontrolearjen. Sitte de stekkers goed fêst? Binne der ûnwissens? Lit dat dwaan troch spesjalisearre bedriuwen. En hawwe je in fermoeden dat se te hjit wurde, belje fuortendaliks de ynstallateur of 112.

Hjitteweach

Takom wike wurdt der in hjitteweach foarsein. Wêr moatte minsken dan rekken mei hâlde? "Dy dingen wurde dan ek hartstikke hjit. Se krije behoarlik wat te ferwurkjen. Gewoanwei binne se dêr gewoan op taret. Dat se te hjit wurde, kin allinnich ûntstean troch sluting of ferkearde sellen. Dus as je in goedkarde sinnepanielynstallaasje op it dak hawwe, dan is der hielendal neat oan 'e hân en kin dy de sinne gewoan oan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)