Sineesk-Frysk keunstkollektyf wol in oar byld fan Sina sjen litte

21 jun 2019 - 16:23

In selskip fan sân Fryske en seis Sineeske keunstners sille mei-inoar eksposearje yn Ljouwert en yn Sina. Der is sawol hjir as yn Sina in kollektyf opsetten mei de namme 'De Rode Hand.'

It inisjatyf komt fan Ljouwerter keunstner Martin van Seijen. Dy hat in grutte fassinaasje foar Sina. Hy hat der tolve jier oer dien om yn it lân in netwurk op te bouwen. Oare Fryske byldzjende keunstners dy't meidogge binne Wim van der Veer, Jacob Taekema, Jerre Hakse, Hans Hofman, Sieb Erich en Lambert Fortuin.

Der komt ek in telefyzjedokumintêre oer de bysûndere gearwurking. It ferslach en de tentoanstelling moatte in oar byld jaan fan Sina as dat wat wy kenne fan in ûnfrij lân mei sensuer. Ein dit jier komt der in eksposysje yn Ljouwert en yn Sina.

(Advertinsje)
(Advertinsje)