Oersjoch: dit moatst freed witte oer Swimalvestêdetocht

Goed taret sil Maarten van der Weijden dizze freed úteinsette mei syn Swimalvestêdetocht. As alles neffens planning ferrint, dan sil Maarten yn Ljouwert starte en swimt hy fia Snits nei Drylts. Alle dagen litte wy dy witte wêr asto Maarten it bêste folgje kinst.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Om 17:30 springt Maarten it wetter yn by de Swettehaven. Fan de Swettehaven ôf, swimt hy De Swette ôf nei Snits ta. De earste doarpskom nei Ljouwert wêr't Maarten trochhinne swimt, sil Skearnegoutum wêze.

Meiswimmers yn aksje

Yn Snits sille der foar it earst meiswimmers yn aksje komme. Sy swimme fan de Mûnebrêge ôf mei oant krekt nei De Kolk. De rûte yn de binnenstêd sil fia de westlike kant fan de Stedsgrêft rinne, om't de stimpelpost by it teäter is. De ferwachting is dat Maarten om 22.15 oere hinne by de stimpelpost yn Snits is.
Fia De Kolk swimt Maarten de stêd wer út. It is dan noch in stik troch De Geau swimme om yn Drylts te kommen. Yn Drylts stappe ek de meiswimmers it wetter wer yn. Dat sil by de mûne wêze. Sa'n twa kilometer fierder, by herberch 't Wapen fan Drylts sil Maarten syn twadde stimpel krije. Dit sil om middernacht hinne wêze.

Parkearje yn de stêden

Minsken dy't Maarten oanmoedigje wolle wurde frege om rekkenskip te hâlden mei drokte en ferkearsôfslutingen yn de stêden. Op de folgende lokaasjes binne parkearmooglikheden:
Ljouwert:
Snits:
Drylts:
Fansels is de tocht fan Maarten ek op radio, telefyzje en op ynternet te folgjen. Omrop Fryslân is der 24 oeren deis by en hâldt dy op 'e hichte. Sjoch snel op ús dossierpagina foar it lêste nijs fan de Swimalvestêdetocht en folgje ús op social media mei de hashtag #swim11.