Freedsmerk: "Maarten syn swimtocht: goed foar Fryslân en de kankerbestriding!"

"Maarten syn swimtocht is goed foar Fryslân en de kankerbestriding! It smyt in protte jild op en it bringt in soad minsken tichter by inoar. En Omrop makket der allegearre programma's omhinne, gesellich man!" Dat wie freedtemoarn op de Ljouwerter freedsmerk ien fan de reaksjes op de meunsterswimtocht fan Maarten van der Weijden.
freedsmerk © Omrop Fryslân, René Koster
Njonken bewûndering en stipe, wiene der lykwols ek krityske lûden te hearren: "Earlik sein bin ik wol wat 'Maarten-moe'. Dat haw ik trouwens by alle fan ditsoarte massa-aksjes foar it goeie doel. Dan heakje ik ôf. Alle respekt hear, dêr net fan, mar it is oan my net bestege."
Dochs wiene it benammen positive reaksjes dy't we optekenen: "Fantastysk, ek al dy meiswimmers. Wy hawwe al in geskikt plakje útsocht dêr't we him ûnderweis oanmoedigje kinne!" Oaren makken har suver wat soargen oer Maarten: "As je sjogge hoe't hy ferline jier út it wetter kaam, syn hannen en fuotten hielendal 'opweekt'. Tsjonge jonge. Dan tink ik, Maarten jonge, do hoechst dy net te bewizen. Mar ik hoopje dat er hellet!"
De Freedsmerk oer Maarten van der Weijden