LIVEBLOG: It lêste nijs oer de swimalvestêdetocht

21 jun 2019 - 23:59

De swimtocht fan Maarten van der Weijden by de Fryske alve stêden del is de kommende fjouwer dagen dei en nacht by Omrop Fryslân te folgjen, ûnder oare fia dizze liveblogs. Maarten set freed 21 juny útein en moat moandei wer yn Ljouwert oankomme. Van der Weijden swimt de meunstertocht om jild yn te sammeljen foar ferskate projekten tsjin de sykte kanker. Alles wat Omrop Fryslân docht op radio, telefyzje en ynternet is te finen op de spesjale side Maartens Alvestêdetocht.

6:02
Ein fan dit liveblog

Mei it heljen fan syn tredde stimpel yn Sleat slute we dit liveblog ôf. De earste dei en nacht fan Maarten van der Weijden sitte der op. Dei twa is fan no ôf te folgjen op dit blog.

5:38
De tredde stimpel is binnen
5:08
Maarten swimt wer!
4:38
De meiswimmers meitsje harren klear foar de twa kilometer yn Sleat
4:27
Prate oer kankerûndersyk

Wylst Maarten noch mei de eagen ticht yn syn tinte leit, is yn Sleat it 'bezinningsmoment'. Alle stêden ha der ien, in momint om te praten oer de kankerûndersiken en de ferhalen fan pasjinten. Yn Sleat stiet ûndersyk nei aaistokkanker sintraal. Ferslachjouwer Arjen Bosselaar freget boargemaster fan de Fryske Marren Fred Veenstra wat hy fynt fan it hiele evenemint en oft it net spitich is dat de hoareka yn it doarp net iepen mocht.

3:52
In oerke yn de rêst

Maarten hat der no sa'n 40 kilometer fan de swimalvestêdetocht der op sitten. Hy swom krekt de Sleattemermar en nimt no ien oere rêst foardat hy syn tredde stimpel hellet yn Sleat.

3:04
Drokte op Fryske brêgen

Om de taskôgers fan de swimalvestêdetocht op de brêgen te begelieden binne befeiligers ynset. Want yn de kommende pear oeren moatte noch sa'n 10 brêgen iepen sadat Maarten en syn team der del kinne.

2:43
Maarten komt oan by Wâldsein
(advertinsje)
(advertinsje)