Man rekket ferwûne by feestweinoptocht op De Falom

By in optocht mei fersierde weinen is freedtemiddei op 'e Falom ien persoan ferwûne rekke. It slachtoffer stie op ien fan de weinen. By it passearjen fan in brêge kaam er yn oanrekking mei in balke.
© SrFotografie
Ferskate helptsjinsten, wêrûnder in traumahelikopter, kamen teplak. De ambulânse hat it slachtoffer úteinlik mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De man wie oansprekber.
De man stie op ien fan de fjouwer jeugdweinen. Dy jeugdweinen makken yn oerlis mei it bestjoer fan de feestwike Driezum / Wâlterswâld in ekstra rûntsje troch de doarpen. Dêr hie de gemeente ek in fergunning foar ôfjûn. Nei it ûngelok is de ekstra optocht mei jeugdweinen stillein.
De brêge dêr't de man tsjinoan botste © SrFotografie