Fraksjelid Merkus stapt út PvdA Noardeast-Fryslân en ferruilet it foar S!N

21 jun 2019 - 14:05

Fraksjelid en vice-foarsitter Kevin Merkus ferlit fuortdaalks de PvdA-fraksje fan de gemeente Noardeast-Fryslân. Neffens in berjocht fan RTV NOF soe it kaam wêze troch ferskillen yn ynsjoch oer de koers fan de fraksje. Ek wie der te min gearwurking mooglik binnen de fraksje. Merkus wol oerstappe nei S!N (Sociaal in Noardeast-Fryslân).

Kevin Merkus - Foto: PvdA Noardeast-Fryslân

Neffens Merkus is in goede gearwurking in betingst foar it beheljen fan politike doelen. Hy seit no in heal jier ûnderweis te wêzen, mar konkludearret dat der yn dizze fraksje-gearstalling net foldwaande gearwurking mooglik is. Merkus seit it te betreuren, ek foar de minsken dy't op de partij stimd hawwe.

Merkus wie earder aktyf binnen PvdA Kollumerlân as bestjoerslid, riedslid en skaadfraksjelid. Hy gie oant no ta oer ûnderwiis, húsfestjen en foarsjenningen.

Sociaal in Noardeast-Fryslân (S!N)

Ideologysk fielt Merkus de grutske konneksje mei S!N. Neffens him is ek de styl fan de partij oars. S!N is in sosjaal gearwurkingsferbân tusken Dongeradeel Sociaal en GrienLinks, mar ek leden fan de SP, D66 en PvdA binne oansletten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)