Hylke van der Veen stapt op as kommersjeel direkteur by SC Hearrenfean

Hylke van der Veen sil fuort by SC Hearrenfean as kommersjeel direkteur. De Drachtster wie ien jier yn tsjinst by de klup. "De rol als commercieel directeur is niet wat ik ambieer en wat bij mij past. Ik krijg er niet voor de volle 100 procent energie van. Daarmee doe ik mezelf en de club geen recht en daarom heb ik besloten te vertrekken", seit Van der Veen der sels oer.
© Omrop Fryslân
Doe't Hylke van der Veen ferline jier july yn tsjinst kaam by Hearrenfean, moast hy de rêst werom bringe op de kommersjele ôfdieling. Der wie in soad bestjoerlike ûnrêst en de sponsorynkomsten namen bot ôf. Van der Veen is hjir mar foar in lyts part yn slagge.
It momint dat Van der Veen bekend makket de klup te ferlitten komt op in tige ûnlokkich momint foar SC Hearrenfean. De klup is noch altyd op syk nei in nije haadsponsor. GroenLeven hat koartlyn oanjûn te stopjen.

"De timing is slecht"

Foarsiter Cees Roozemond fynt it spitich dat Van der Veen nei ien jier syn bizen alwer pakt. "De timing is slecht, we zijn op dit moment met veel sponsoren in onderhandeling over een nieuw contract. De samenwerking tussen ons was goed, maar hij kan zijn ei niet kwijt en dat moet ik respecteren. Intern gaan we nu beraden hoe we dit op gaan lossen."
Foarearst sil Roozemond it kommersjele pakket op him nimme, mar hy seit dat Hearrenfean op syk sil nei in nij kommersjeel boechbyld.