Húsdokter Marco Blanker: "Maarten heeft heerlijk geslapen"

21 jun 2019 - 12:45

"Maarten is uitgerust, fit en klaar om de lange afstand te zwemmen," fertelt húsdokter Marco Blanker tsjin Omrop Fryslân. Hy sil Maarten van der Weijden foar de twadde kear begeliede op syn Alvestêdetocht. "Op zich is het een enorme afstand en een geweldige prestatie als het lukt. Maar als we dachten dat hij het niet zou kunnen, zouden we ook niet het water in gaan."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

"Maarten heeft heerlijk geslapen," jout dokter Blanker oan. "Hij is nog niet bij de startlocatie, maar op zijn hotelkamer. Maarten zal niet meer slapen, want dat zou zijn dag- en nachtritme verstoren."

Neffens de húsdokter makket Van der Weijden in grutte kâns dat hy de tocht folslein ta in ein bringe sil. "Ik geef hem 98,9 procent."

Mear ite ûnderweis

"Er zijn twee hele belangrijke verschillen met de vorige keer. Eén ervan is eten. De vorige keer had hij 13.000 calorieën ingenomen, terwijl hij 30.000 heeft verbruikt. Dit jaar vaker eten dus. Vorig jaar at hij elke 30 minuten, dit jaar zal hij elke 20 minuten eten."

Neffens dokter Blanker sil Van der Weijden fan tefoaren al útein sette mei iten. "In-eten is erg belangrijk. Hij moet beginnen met een goede voorraad koolhydraten. Hij zal hoe dan ook in zijn reserves terechtkomen, daarom is het goed dat hij van tevoren al veel koolhydraten binnen heeft."

Mear sliepe ûnderweis

"Een groot verschil met de vorige keer is ook het voldoende nemen van rust om te slapen." Ek yn 't foar moat Maarten goed slept hawwe en rêstich oan dwaan. "De komende uren zien eruit dat Maarten rust neemt, eet en uiteindelijk zijn zwempak aantrekt en hier komt."

Organisaasje by De Swette

By startlokaasje De Swette binne yntusken in soad minsken dwaande om de start op tou te setten. De media binne der ek folop by. Der wurde ûnder oare pontons it wetter yn litten.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra is by De Swette en praat ûnder oare mei de húsdokter fan Maarten

(advertinsje)
(advertinsje)