Undernimmers yn Terherne rûlearje harren personiel yn it toeristyske seizoen

In tal rekreaasje- en hoareka-ûndernimmers yn Terherne slaat de hannen ynien. It doarp is in populêr wettersportdoarp mei it each op de lokaasje oan de Snitser Mar. Om de toeristyske drokte oan te kinnen, sille de ûndernimmers harren personiel mei-inoar winne en útwikselje. Der moat in rûlaasje fan personiel komme.
© Omrop Fryslân
By it iene bedriuw kin it op in bepaald momint hiel drok wêze. By in oar bedriuw kin it dêrfoaroer rêstich wêze, bygelyks as alle boaten fan in jachtferhierder útfearn binne: wêrom dan net it personiel útwikselje? Dat is wat de ûndernimmers yn Terherne tinke.

Fakânsjebanepool

De 'fakânsjebanepool' is neffens de ûndernimmers nedich om't it yn it simmerseizoen faak foar kin komme dat in rekreaasjegelegenheid om minsken ferlegen sit. Benammen as der ien siik is of as der ûnferwachte drokte is. Der binne in soad yt- en oernachtingsgelegenheden yn it doarp, lykas de haven- en boatebedriuwen en it bekende Kameleondoarp.
It personiel wurdt ûnder oare socht op harren webside 'Genieten in Terherne.' Foar personiel dat fan fierren komt, kinne sels sliepplakken regele wurde.