Ljouwerter slachter krijt dochs jild foar syn gûnen

21 jun 2019 - 11:16

Ljouwerter slachter Johannes Hoekstra organisearre ôfrûne wykein in ludike aksje. By him yn 'e winkel koe betelle wurde mei âlde gûnebriefkes. Dat smiet in soad âlde biljetten op. Letter die lykwols bliken dat de slachter it jild net ynleverje koe by de Nederlandsche Bank. Goed nijs foar Hoekstra: yntusken hat hy dochs euro's krigen foar it jild.

Foto: Anton Kappers

Doe't Hoekstra it jild ynleverje woe by Nederlandsche Bank, krige hy te hearren dat bedriuwen oant 2012 de tiid hiene om gûnen yn te leverjen. Allinnich partikulieren meie dat no noch dwaan.

De aksje levere sa'n 7.000 gûne op. In klant fan de slachter holp him úteinlik út de brân en kocht de folsleine steapel jild. Hy betelle de omrekkene priis yn euro's út. Wat de klant mei de gûnen dwaan sil, wit de slachter net. "Hy kin it fêst wol slite", seit Hoekstra.

Wer gewoan oan it wurk

Hy is bliid dat hy no fan de gûnen ôf is en wol wer gewoan oan it wurk. Hoekstra hat foarearst wol efkes genôch fan al it papierjild. Sa't er no sels seit: "Pinne? Ja, graach!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)