Bekende ferskes foar pjutten en ûnderbou tenei ek yn it Frysk

In part fan de bekende muzykmetoade foar pjutten '123Zing' wurdt oersetten yn it Frysk. De digitale metoade mei it Fryske sjongoanbod is in projekt fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO). De 170 skoallen en lokaasje foar pjutte-opfang yn Fryslân dy't gebrûk meitsje fan de sjong- en muzykmetoade, kinne tenei ek muzykûnderwiis yn it Frysk oanbiede.
© Omrop Fryslân
De metoade is net allinne foar pjutten, mar ek foar bern yn groep 1 en 2 fan de basisskoalle. De ferskes binne skreaun troch Janneke Brakels, dy't al sa'n tsien jier by de metoade belutsen is. De organisaasje 123Zing reagearre entûsjast en de provinsje hat de modules mei mooglik makke mei subsydzje.
By de SFBO binne 230 lokaasjes yn Fryslân oansletten. De organisaasje stiptet it ûntwikkeljen fan twatalich taalbelied.

Lansearring yn Menaam

Tongersdei wie de lansearring yn OBS De Cingel yn Menaam, dizze basisskoalle docht in soad oan muzyk. Neist 123Zing is der ek in gearwurking mei de muzykferiening yn it doarp en is der in fakdosint dy't alle wiken les jout oan alle groepen.
Wethâlder Jan Dijkstra fan de Waadhoeke wie oanwêzich. Hy joech oan dat muzyk en Frysk sa op in oantreklike en praktyske wize kombinearre wurde kinne yn de gemeente.