Wyn- en wetterhoazen op ferskate plakken yn Fryslân

21 jun 2019 - 10:29

Op ferskate plakken binne freedtemoarn wyn- en wetterhoazen waarnaam. Op de Waadsee binne sels twa wetterhoazen neist inoar sjoen. In wetterhoas is in twirre ûnderoan in wolk, dy't feroarsake wurdt troch fluch draaiende luchtbewegingen op it wetter.

Dit natuerferskynsel komt faker foar op de Waadsee. Se komme meastentiids net oan lân. Boppe lân ferliest de twirre syn krêft, allinnich yn hiel seldsume gefallen behâldt er syn krêft en rekket de twirre de grûn. Dan kin der flinke skea ûntstean.

Yn de rin fan de moarn kamen der ek meldingen fan wynhoazen út Harns, Frjentsjer, Itens, Arum en Winsum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)