Sinnepanielen op dak fan sporthal Bûtenpost yn brân

Der hat brân west op it dak fan sporthal De Houtmoune yn Bûtenpost. In diel fan de sinnepanielen stie yn brân. De brânwacht wie mei ferskate ienheden teplak en dy hiene de situaasje al gau ûnder kontrôle.
© CAMJO media / Jaring Rispens
It giet om twa rigen mei kollektoaren op it dak fan de sporthal. Acht panielen binne fuortbrând.
De brân is wol beheind bleaun ta de sinnepanielen. De sporthal sels is net skansearre.
© De Vries Media