Noardeast-Fryslân wol oandielen Eneco fan 'e hân dwaan

21 jun 2019 - 10:10

De nije gemeente Noardeast-Fryslân hat jierliks in struktureel tekoart fan 7 miljoen euro. Dat komt benammen troch de grutte tekoarten op it sosjaal domein. In megabedrach, dêr't it gemeentebestjoer behoarlike kopsoargen oer hat.

Foto: Noardeast-Fryslân

De gemeente wol it tekoart fansels fuortwurkje, mar ek nochris ynvestearje yn 'e takomst fan 'e gemeente. It kolleezje fan b&w hat dêrom yn de perspektyfnota 2020-2023 betocht om de oandielen fan enerzjybedriuw Eneco te ferkeapjen. De wearde dêrfan is sa'n 16,5 miljoen euro.

De ferkeap fan de oandielen is neffens wethâlder Theo Berends net de oplossing foar álle finansjele problemen. "Het is ook niet zo dat de verkoop van de Eneco-aandelen net bedacht is. Daar zijn we al veel langer mee bezig, ook al voordat dit grote tekort bekend was. Het is iets dat landelijk loopt", fertelt er.

Reserves oanfolje

Mei de ferkeap soe Noardeast-Fryslân foar twa jier út de brân holpen wêze. Dan moat der lykwols noch wol in oplossing fûn wurde foar it strukturele tekoart. "Het enige wat het doet, is dat onze reserves worden aangevuld voor de komende vier jaar, want het gaat waarschijnlijk in stappen dat we het geld binnenkrijgen. Tegelijkertijd gaan we heel hard werken aan het oplossen van het tekort en ervoor zorgen dat we weer zwarte cijfers hebben."

It wapen fan Noardeast-Fryslân - Foto: Noardeast-Fryslân

In strukturele oplossing soene besunigings wêze. "We zien ook dat het op korte termijn niet alleen uit het sociaal domein kan komen. Dus we gaan de hele begroting goed doorlichten."

Dochs wol Noardeast-Fryslân ek noch ynvestearrings dwaan. De gemeente stiet dêrmei dan ek foar in grutte opjefte. "Wij lopen er niet voor weg. Waar ik heel blij mee ben, is dat er hard wordt gewerkt binnen de organisatie. We doen twee dingen: zorgen dat onze financiën structureel op orde zijn en ervoor zorgen dat er geïnvesteerd kan worden in de leefbaarheid in de dorpen."

Gemeenteried

Mar wat fynt de gemeenteried fan dit plan? "We moeten het wel goed uitleggen. Volgende week donderdag hebben we een bijeenkomst, om uit te leggen wat het proces tot nu toe is geweest en waar het naartoe gaat. Zoals het nu lijkt, krijgt de verkoop van die aandelen z'n beslag begin 2020."

Wethâlder Theo Berends oer it tekoart

(Advertinsje)
(Advertinsje)