Nije skippen Doeksen ha wetterskea oprûn by transport

21 jun 2019 - 09:58

De nije skippen fan rederij Doeksen ha wetterskea. Se lizze dêrom foar herstelwurksumheden by de werf. Noch gjin moanne lyn kamen de katamarans, dy't farre moatte nei Skylge en Flylân, oan yn de haven fan Harns.

De skippen binne makke yn Fjetnam. Dit foarjier makken se de reis nei Nederlân ta. By dat transport ha se skea oprûn. In protte reinwetter is fan de dekken de salons yn streamd. Dêrtroch is ûnder oare de flierbedekking skansearre. Dy moat op beide skippen wer makke wurde. Ek ûnderdielen fan de lift moatte ferfongen wurde.

De skea kaam al oan it ljocht doe't de katamarans op it transportskip Sun Rise ein maaie oankamen yn Den Helder. "We hebben ons er toen eerst geconcentreerd om de schepen veilig in Harlingen te krijgen", seit Doeksen-direkteur Paul Melles. Letter, by in gruttere ynspeksje, waard dúdlik hoe grut oft de skea krekt wie.

Foto: Doeksen

Dat der wetter nei binnen streamde, kaam troch de posysje dêr't de skippen yn leine op it grutte ferfierskip. "De schepen stonden met het achterschip in de vaarrichting en het transportschip lag achterover. Zo is het regenwater dat op het dek werd verzameld, naar voren gelopen en het schip binnengedrongen", seit Melles.

"Niet alleen de vloeren zijn aangetast, maar het water is ook via de liftschacht naar beneden gelopen. Daar heeft het kritische liftcomponenten beschadigd."

It is noch net dúdlik wannear't de skippen hielendal klear wêze sille. Doeksen hâldt der rekken mei dat de katamarans mooglik pas fan april 2020 ôf farre kinne. De planning wie dat se de earste tsjinsten op 7 jannewaris dogge. Op syn lêst ein septimber nimt Doeksen dêr in beslút oer.

Hoe grut de finansjele skea is, kin Melles ek noch neat oer sizze. "Dat de schade aanzienlijk is, kunnen we nu wel inschatten. De schade aan de twee schepen is identiek."

Net de earste ôffaller

De ynset fan de skippen is earder ek alris útsteld. De werf dy't de skippen ôfbouwe soe, hie finansjele problemen. Dêrom rûn dat fertraging op. Doeksen bout dêrom de skippen sels ôf. Doeksen hie eins yn septimber al neffens in nije tsjinstregeling farre wollen.

Paul Melles, direkteur fan Doeksen

Trefwurden: 
Harns fearboat skippen Doeksen
(advertinsje)
(advertinsje)