Kollum: "Sinnekear"

21 jun 2019 - 09:47

"Sinnekear. Summersoltice of Litha. Beide binne it nammen foar in bysûndere perioade yn it jier, hjoed op dizze dei. 21 juny is de langste dei en de nachten binne koart. Alles yn 'e natuer berikt in hichtepunt, is oerfloedich en grien.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

De sinne stiet heech en krêftich oan 'e himel en dat fiere de minsken út ferskate kultueren al iuwen lang. Troch muzyk te meitsjen en te dûnsjen, freugdefjoeren oan te stekken en wille te hawwen . Faak sliepten sy net iens mei de koarste nacht en it skynt in hiele goede tiid te wêzen foar de romantyk. De sinnekear is de optimale ferbining tusken de sinne en de ierde én de manlike en froulike enerzjy. Sels yn dizze genderneutrale tiid.

Wy miene miskien wol dat we hiel modern binne, mar ús DNA kin him ek noch wol it ien en oar heuge. Yn 'e tiid dat ús foarâlden hielendal ôfhinklik wiene fan de natuer en gjin Google Maps of kalinders hiene, waarden sy lieden troch it hielal. De beskriuwing fan de beweging fan de stjerren wie tige wichtich foar bygelyks de navigaasje en de lânbou.

De sinne wie it wichtichst, want sûnder ljocht gjin libben. Sûnder waarmte gjin leafde en de Sinnegod waard rûnom fereare. En dus is de sinnekear it feest fan de sinne dat wy hjoed-de-dei noch graach fiere. De simmer is de tiid fan ferdivedaasje, de sinnestrielen meitsje ús lokkich en gefoelich. En troch langstme nei de leafde en ferbining wolle ús moai meitsje, flirte en feestfiere.

It is de tiid fan de doarpsfeesten en merke-attraksjes. En dan haw ik it net oer de botsauto's en de sweef, mar oer de oanlûkingskrêft tusken ferskate persoanen en har natuerlike driften, dy't gauris ta utering komme efter de feesttinte of yn 'e boskjes. Under de tsjustere tekken fan 'e nachtlike himel mei flonkerjende stjerren en de moanne as taskôger, wurde der in soad amoereuze aventoeren belibbe yn dizze tiid fan it jier.

De sinnekear is oan de iene kant in fruchtberheidsfiering mar tagelyk ek it begjin fan in nije faze, want de sinne giet wer op 'n paad rjochting de koartste dei. Dan komme wy stadichoan fanút it ljocht wer yn in tsjustere perioade. Fan 'e drokte nei de stilte, oant op 21 desimber de dagen wer langje en it ljocht weromkomt. En meidat de sinne sterker wurdt, krije wy faak ek mear libbensfleur en diedkrêft, wat him benammen yn 'e maaitiid wer oppenearret.

Sa bewege wy ek mei de seizoenen mei. Mar foar't de gerdinen wer ticht geane, moatte we earst enerzjy opdwaan! Dochs fynt net eltsenien it aardich om nei de merke te gean of de natuer yn te dûken om te flirten en te pierewaaien. En ek net alle minsken hawwe eat mei de wikselingen fan de seizoenen. Dy dûke leaver mei in goed boek de tún yn en wolle genietsje fan oare moaie ferhalen.

En boeken binne der by 't soad op it BoekSimmerBoek-feest foar skriuwers en lêzers dat jûn holden wurdt yn kafee Marktzicht yn Drachten. Ferskate Fryske skriuwers sille dêr in ferhaal fertelle mei as tema 'De sinnekear' en der is moaie muzyk by. Hapkes, drankjes en in protte Fryske boeken te keap om op fakânsje of op moaie simmerjûnen te lêzen én om sjen te litten hoe fruchtber en libben de Fryske literatuer is.

Dat is wol in besite en in literêre flirt wurdich. En wat bart yn Markzicht, bliuwt yn Marktzicht, dus de kust is mear as feilich om te kommen. Foar mear ynformaasje: sjoch op de Facebookside BoekSimmerBoek en lit jim ferrasse troch bysûndere ferhalen en bysûndere minsken. Oant jûn, om acht oere yn Drachten!"

(advertinsje)