Boubedriuw Lont iepenet eigen sinnegreide

21 jun 2019 - 08:25

Boubedriuw Lont yn Sint-Anne iepenet freedtemiddei syn eigen sinnepark, tichtby it bedriuw. It giet om in sinnegreide fan 1 hektare mei 3.800 panielen. Mei elkoar kinne dy 1,1 megawatt oan sinne-enerzjy opwekke. De stroom is net allinnich bedoeld foar it eigen bedriuw, mar ek foar húshâldens.

Foto: Omrop Fryslân

It park wurdt freed, de langste dei fan it jier, offisjeel iepene, mar draait eins al in pear wike. Neffens direkteur Jetze Lont ferrint dat boppe ferwachting. "We kinne live besjen wat de resultaten binne en de dei-opbringst liket al heger as we hope hiene."

Duorsume ynvestearring

Lont hat 1,2 miljoen euro yn it park ynvestearre. It giet neffens de direkteur om in duorsume ynvestearring foar de lange termyn, dy't goed binnen de filosofy fan in famyljebedriuw past. "Wy wurkje út de fyzje fan rintmasterskip. We sitte yn in enoarme omkear yn de bou nei in duorsume ekonomy", fertelt er.

"Duorsumens is echt 'business' foar ús. Dan moatte je ek sizze: hoefolle enerzjy nimme wy fan it net ôf as bedriuw, ynklusyf alle boulokaasjes? En hoe kinne we dy wer werom leverje?"

Agraryske grûn behâlden

It park is oanlein op bedriuweterrein De Wissel yn Sint-Anne, sadat der gjin agraryske grûn as natuer ferlern giet. De panielen binne ek sa pleatst dat der gjin grutte piken ûntstean by it leverjen fan stroom. De netwurken fan elektrisiteitsbedriuwen kinne dizze piken no noch net oan. Lont wurket oan mooglikheden foar it opslaan fan de opwekke enerzjy.

Duorsume wenten

It boubedriuw hat it park sels ûntwikkele en sil de ûnderfiningen dy't it opdocht, tenei ek brûke yn de bou fan duorsume wenten. "Wy helje op mear as tritich boulokaasjes enerzjy fan it net ôf. En dy sette we der ek op, mear sels. Dy enerzjy kin brûkt wurde foar ús eigen bedriuw, mar minsken yn de regio kinne dy ek keapje." It soe dan gean om 300 oant 500 húshâldings.

Direkteur Jetze Lont oan it wurd

(advertinsje)
(advertinsje)