Lokale omroppen Harns en Waadhoeke prate wer oer gearwurking

21 jun 2019 - 07:31

Radio Stad Harlingen, de lokale radiostjoerder foar de gemeente Harns, en Radio Eenhoorn, de lokale omrop foar de gemeente Waadhoeke, pakke opnij de petearen oer gearwurking op, nei't se earder ôfbrutsen wiene.

Mikrofoan yn in radiostudio - Foto: Shutterstock.com

Neffens Tinus Boomstra, foarsitter fan Radio Eenhoorn, sille de petearen no wol slagje, omdat de meiwurkers der no mear foar iepen stean. Foar in part fan de meiwurkers fan Radio Stad Harlingen wie it ferline jier noch te betiid om in gearwurking oan te gean. Mar om't de technyske ûntwikkelingen rap gean, en der hieltyd mear easken komme foar lokale omroppen, binne de petearen no dochs wer oppakt.

It bestjoer is nei de mislearre petearen ôftreden, omdat dat folslein efter de fúzje stie. "Der is in nij bestjoer kommen en dat hat de tried wer oppakt. It hat mei de meiwurkers oerlein. Dy hawwe oanjûn der achter te stean", fertelt Boomstra.

Tinus Boomstra, foarsitter fan Radio Eenhoorn

Der is no lykwols sprake fan gearwurking en net mear fan in fúzje. "We prate oer gearwurking, mei as eindoel in fúzje fan beide omroppen ta in streekomrop." Foar de harker moat dat betsjutte dat der in breder programma-oanbod komt.

Nije programmearring

De beide studio's yn Harns en Menaam bliuwe bestean, en de besteande programma's wurde sa goed as mooglik yn de nije programmearring ynpast. "Wy sille nije wike as bestjoer earst noch by elkoar sitte om in plan fan oanpak en in globaal tiidpaad oan te jaan. Dan wolle we nei de fakânsje mei de meiwurkers prate, want der sille programma's wêze dy't oerlaapje sille. We moatte sjen hoe't we dat oanpakke wolle."

Teloarsteld

Dêrby giet it bestjoer derfan út dat der minsken teloarsteld wêze sille. "Hjir en dêr sille der oanpassings komme moatte. Dat der sa no en dan ris in beslissing falle moat dêr't net elkenien lokkich fan wurdt, dat ha je yn 'e regel by gearwurkingen en fúzjes."

Oan de ein fan it jier hopet Boomstra sa fier te wêzen dat der ien yntegrearre programmearring is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)