Fytser rekket ferwûne op De Harkema; mooglik sprake fan oanriding

21 jun 2019 - 06:38

Op de Feartswâl op De Harkema is yn de nacht fan tongersdei op freed in fytser ferwûne rekke. De man waard oantroffen yn it gers neist de dyk.

Foto: De Vries Media

It slachtoffer is mooglik oanriden, mar der waard gjin auto oantroffen. Wol binne der op de dyk remspoaren te sjen.

De man is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
ûngelok De Harkema fytser
(Advertinsje)
(Advertinsje)