Nije boargemaster It Amelân moat ferbinend en oansprekber wêze

Amelanners sykje in ûnpartijdige, ferbinende en oansprekbere boargemaster. Dit binne de trije belangrykste kenmerken dy't de eilanners oan harren boargerheit of -mem sykje. De gemeenteried hat tongersdeitejûn de profylskets foar boargemaster fan de gemeente It Amelân fêststeld en yn in spesjale riedsgearkomste yn it gemeentehûs fan Ballum oerlange oan kommissaris fan de Kening Arno Brok.
De fjoertoer op It Amelân © Omrop Fryslân
De fertrouwenskommisje , dy't de profylskets opsteld hat, hat yn it foar ek de ynwenners en ûndernimmers fan de gemeente It Amelân frege mei te tinken oer it profyl fan de nije boargemaster. Mei-inoar 272 minsken hawwe dêrop reagearre. Se fine it belangryk dat de nije boargemaster him of har rjochtet op alle Amelanners en dat hy of sy ynteger en goed bestjoert. Fierders moat de Amelanner boargemaster in ferbiner wêze, sichtber oanwêzich, oansprekber en ûnpartijdich. Opfallend wie dat jong en âld, ynwenners en ûndernimmers yn grutte halen deselde prioritearring oanjoegen.
It Amelân siket in nije boargemaster nei't Albert de Hoop in jier lyn fuortgien is. Gerard van Klaveren is op it stuit waarnimmend boargemaster.