Flechtlingen diele kofje út om kontakt te meitsjen mei foarbygongers

20 jun 2019 - 22:37

It is tongersdei Wrâldflechtlingedei en yn it ramt dêrfan nûget Flechtlingewurk Noard-Nederlân elkenien út om in bakje kofje te dwaan mei flechtlingen. Dat kin op ferskate plakken, ûnder oare op it Stasjonsplein yn Ljouwert. Dêr stean Nasr Ali en Nur mei in saneamde kofjeboks op de rêch mei dêrop de tekst Bakkie Doen foarbygongers kofje oan te bieden.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Kofje is in moaie manier om yn petear te reitsjen mei minsken, fertelt Ineke Fennema fan Flechtlingewurk. It wie foar de flechtlingen yn it begjin wol efkes wennen dat se op de minsken ôfstappe moasten en freegje oft se ek om bakje kofje hawwe woene, giet se fierder.

Flechtlingen wolle graach yn kontakt mei Nederlanners komme om de taal better te learen. "Oan de oare kant witte wy dat Nederlanners ek wol graach ris prate wolle mei in flechtling en dat se dat ek wol lestich fine. Dan is dit in hiel moai momint."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei Ineke Fennema fan Flechtlingewurk

Nasr Ali biedt foarbygongers kofje oan - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

De 18-jierrige Nur wennet sûnt oardel jier yn Nederlân. Hy kin bêst wol aardich Nederlânsk prate, seit Ineke Fennema. Syn kollega Nasr wennet hjir al wat langer. Foar him is it wat makliker. Nasr Ali komt út Eritreä en wennet mear as 28 jier yn Nederlân. Hy is frijwilliger by Flechtlingewurk om de nijkommers te helpen. Hy fynt it net dreech om mei Nederlanners yn kontakt te kommen. Se binne iepen, mar dan moatte jo wol de stap doarre te setten, seit er.

In stik of tsien plakken dogge se oan de aksje Bakkie Doen mei.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei Nasr Ali

(Advertinsje)
(Advertinsje)