Soannen Anita Andriesen: "Maarten hat ús persoanlik frege mei te swimmen"

Dat Maarten van der Weijden freed begjint mei de Alvestêdeswimtocht is ûndertusken wol bekend. Mar neist Maarten swimme ek in protte oare minsken mei him mei op de dêrfoar ynrjochte swimplakken. De bruorren Anne Peter en Remco Keizer swimme ek mei. Sy hawwe foar harren swimtocht in wol hiel bysûnder plak útsocht.
© Eigen foto
Yn it noarden fan Fryslân, op It Bilt by Alde Leie stiet in slûs dy't ferneamd is nei ald-deputearre Anita Andriesen. Yn 2008 ferstoar Andriesen (51 jier âld) nei't se jierren fochten hie tsjin kanker. En lit dy slûs no krekt op de rûte wêze dêr't Maarten van der Weijden sneintejûn del swimt. Maarten swimt der net allinnich: Anita har soannen Anne Peter en Remco swimme in stik mei oant de slûs ta.
"Wy binne ferline jier persoanlik troch Maarten frege om mei te swimmen", fertelde Anne Peter tongersdei yn it radioprogramma De middei fan Fryslân. "Doe't wy dit jier wer in appke fan him krigen mei de fraach om mei te swimmen wie it antwurd fansels ja."
De bruorren hawwe al oan it trainen west foar it swimmen. Se hawwe de wettertemperatuer ek al eefkes field. "It wetter is goed te dwaan. Wy hawwe in wetsuit oan en in badmûts op."
It is in emosjoneel plak foar de bruorren om mei te swimmen, mar Anne Peter tinkt dat se foaral mei it swimmen dwaande wêze sille. "Wy sjogge wol wat der bart. Tafallich hat ús heit op dy dei ek syn jierdei, dus de planning is dat de hiele famylje dêrnei mei komt." As alles neffens planning giet, sil Maarten sneintejûn by Alde Leie wêze.
Anne Peter Keizer oer syn swimtocht mei Maarten van der Weijden