Man slim ferwûne by ynsidint mei trekker yn Drachten

Yn it stik greide oan it Noarderein by Drachten is tongersdeitejûn in man fêst kommen te sitten by in ûngelok mei in trekker en wein. De persoan rekke dêrby slim ferwûne. Hy is mei in ambulânse nei it sikehûs yn Grins oerbrocht.
© De Vries Media
De man wie mei syn trekker yn it lân dwaande. Hoe't it ûngelok barre koe, is net bekend. Ferskate helptsjinsten wêrûnder in traumahelikopter waarden oproppen.
Yn de wein sieten skiep. In pear wiene ûntsnapt út de wein. Omstanners hawwe de bisten fongen. De brânwacht hat ek noch trije skiep út de wein helle.