Follybalfroulju mei Marrit Jasper slute Nations League ôf mei oerwinning

20 jun 2019 - 20:44

De Nederlânske follybalsters hawwe it toernoai om de Nations League ôfsletten mei in oertsjûgjende oerwinning. It team fan bûnscoach Jamie Morrison sette yn Jekaterinenburg Ruslân mei 3-0 (25-12 27-25 25-17) oan de kant. Marrit Jasper kaam yn de twadde en tredde set as ynfaller it fjild yn.

Marrit Jasper yn aksje foar Oranje - Foto: OrangePictures

Foar sawol Oranje as Ruslân hie it duel net in soad prioriteit mear. Beide lannen koene harren net mear pleatse foar it finaletoernoai, de Final Six.

Nederlân liet Ruslân yn de earste en tredde set kânsleas. Yn de twadde set lei it inisjatyf lange tiid by Ruslân, mar Oranje knokte him knap werom fan in efterstân.

De follybalsters krije no in koart skoft. Se komme op 1 july wer bynioar om harren ta te rieden op it olympysk kwalifikaasjetoernoai, begjin augustus yn Italië. Tsjinstanners binne dan België, Kenia en Italië.

(advertinsje)
(advertinsje)