Spitse mei Oranjefroulju groepswinner nei oerwinning op Kanada

De Nederlânske fuotbalsters hawwe ek harren lêste groepswedstriid op it WK wûn en treffe no Japan yn de achtste finales. De ploech fan bûnscoach Sarina Wiegman fersloech Kanada yn Reims mei 2-1. Ynfalster Lineth Beerensteyn makke in kertier foar tiid it winnende doelpunt. By Oranje starte Sherida Spitse út Snits yn de basis, reservekeepster Loes Geurts bleau op de bank. By Kanada die Jordyn Huitema mei. Har pake emigrearre út Fryslân nei Kanada.
Sherida Spitse yn aksje tsjin Kanada © OrangePictures
De Europeesk kampioen wie flak nei de rêst op foarsprong kaam troch Anouk Dekker nei in assist fan Spitse. Christine Sinclair luts de stân al gau wer gelyk mei har 182e doelpunt foar de nasjonale ploech. De Kanadeeske fedette hat no op fiif WK's skoard, krekt as de Braziliaanse oanfalster Marta. Beerensteyn tikke yn de 75e minút de 2-1 binnen.
As winner fan groep E treft Oranje takom tiisdei yn Rennes de nûmer twa fan groep D, Japan. Fjouwer jier lyn stiene beide lannen ek tsjininoar oer yn de achtste finales. Doe wûn Japan mei 2-1.
Pake fan Kanadeeske international Jordyn Huitema doe't er ferfear nei Kanada © Ans Galama