Ynspeksje brune float op Skylge smyt ien boete op

20 jun 2019 - 19:45

By in grutte ynspeksje fan benammen skippen fan de brune float op Skylge is woansdei ien boete útskreaun, mar dat wol net sizze dat hast eltsenien alles goed foarinoar hie. De iene boete wie omdat der op it skip gjin goedkarde brânblussers wienen. Mei-inoar tolve skippen binne kontrolearre troch de Inspectie Leefomgeving en Transport, Rykswettersteat, Agentschap Telecom en de Landelijke Politiediensten.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De ynspeksje waard dien op Oerol as in soad charterskippen foar de wâl lizze dy't as hotelskip brûkt wurde. Der binne tsien fan soksoarte skippen ynspektearre en twa rekreaasjeskippen. Ien ynspeksje moast ôfbrutsen wurde.

Saken dy't net yn oarder wienen, fariearren fan net goed bywurke papieren oant in útlit dy't net isolearre wie. Ek wie der in skip by sûnder namme op it achterskip. By ien skip wie echt alles yn oarder en by twa wie alles sa goed as yn oarder.

(advertinsje)
(advertinsje)