It Oerolgefoel op festivalterrein de Betonning

20 jun 2019 - 19:38

It typyske Oerolgefoel. Foar de ien is it de sfear fan mienskip en foar de oar is it de ferrassende en gekke dingen op strjitte. In soad minsken minken binne al jierrenlang fêste Oerolgongers en der is yn al dy jierren hiel wat feroare. Sa is it festival grutter wurden mei folle mear minsken. Ek is it Griene Strân net mear it plak om lekker te relaxen en nei muzyk te harkjen, mar is dat no alwer in pear jier it terrein De Betonning.

Ferslachjouwer Wendy Kennedy sit op Oerol en is op syk nei it 'Oerolgefoel'. Earder befrege se tangofenomeen Carel Kraayenhof, dy't in rol spilet yn de foarstelling Lost Tango, singer-songwriter Douwe Bob en seach se by de foarstelling Part-Time Paradise.

Trefwurden: 
Oerol De Betonning Pip Blom
(advertinsje)