Judoka Sanne Vermeer nei earder sukses ien fan de favoriten op Europeeske Spelen

20 jun 2019 - 18:23

Yn oanrin nei de Europeeske Spelen dy't dit wykein úteinsette yn it Wyt-Russyske Minsk sjogge wy foarút mei trije Fryske judoka's. Sanne Vermeer, Tornike Tsjakadoea en Margriet Bergstra meitsje alle trije kâns op earemetaal op it toernoai dat ek nochris jildt as in gewoan Europeesk Kampioenskip. Wurdt in sporter kampioen op de Europeeske Spelen, dan krijt er ek fuort in medalje as Europees Kampioen. Dizze kear sjogge wy foarút mei Sanne Vermeer.

Nettsjinsteande dat Sanne Vermeer traint mei ferbân om de fingers is se hartstikke fit foar de Europeeske Spelen. "Ik ben vol aan het trainen en bijna klaar met het schooljaar. De European Games zijn hartstikke belangrijk om punten te halen, maar ook qua ervaring vind ik het mooi om maken."

Dat hat der benammen mei te krijen dat der in soad ferskate sporters meidogge yn Minsk. "Het lijkt me groter en weer een heel ander toernooi om mee te maken dan bijvoorbeeld een Europees Kampioenschap."

Sanne Vermeer yn aksje op training foar Europeeske Spelen - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Yn maaie helle Sanne Vermeer noch in gouden medalje op de Grand Prix yn Georgië. "Ik denk wel dat ik nu er beter voor sta. Ik presenteer op grotere toernooien en maak stappen. " Dochs is der ek konkurrinsje, ûnder oare út eigen lân. "Met Juul Fransen moest ik om brons judoën in Baku. Zij doet ook mee in Minsk bij de Europeese Spelen.

Foto: www.orange-pictures.nl

Troch har foarm op eardere toernoaien is Sanne Vermeer ien fan de grutte favoriten yn Minsk. Dochs jout dat noch gjin garânsje foar Olympysk ticket. It bliuwt noch lang ûnwis foar wa't krekt nei Tokyo meie om't der pas letter op basis fan it tal punten in groep judoka's út ús lân beneamd wurde foar Olympyske dielname.

Op snein 23 juny komt Sanne Vermeer yn aksje op de Europeeske Spelen yn de klasse oant 63 kilo.

(advertinsje)
(advertinsje)