Starum riedt him ta op komst 'geweldige' Maarten

20 jun 2019 - 18:16

In giele badmûtse, in waarm swimpak en in protte entûsjasme, mear is net nedich om Maarten van der Weijden te stypjen. Takom sneon swimme trijetûzen minsken yn Starum mei Maarten mei. Sy springe it wetter yn by camping Roggebroek, dêr't se middenyn de tarieding sitte om de minsken op te fangen. "Sels swim ik stikem ek mei", fertelt eigener Lubbe van Dijk. "Mar dat is wol in bytsje yllegaal. Ik haw noch gjin kaartsje, mar ik haw al wol yn spesjaal pak kocht."

Oankomst Maarten yn Starum

As alles goed giet, komt Maarten om tolve oere sneontemiddei yn Starum oan. Troch dizze noflike tiid, wurdt der grutte drokte ferwachte yn it stedsje. Net allinnich de trijetûzen meiswimmers, mar ek in protte taskôgers wolle Maarten fan tichteby meimeitsje, sa is de ferwachting. De tarieding is yn folle gong. "Minsken kinne by ús it wetter yn springe en dat moat wol organisearre wurde," seit Van Dijk. "We hawwe it drok mei de tarieding. Se binne hjir al dwaande om alle parkearplakken klear te meitsjen."

Meiswimme

De swimmers springe dus by camping Roggebroek it wetter yn. Dat leit tusken Starum en Koudum. In part swimt 500 meter mei, oaren folgje Maarten 2 km lang. Ien fan dy swimmers is Van Dijk. "Ik haw noch mar ien kear traind, mar it moat wol slagje."

Bewûndering foar Maarten

"Ik haw in soad bewûndering foar Maarten," fertelt Van Dijk. "Ferline jier kaam er hjir del en doe makke dat yndruk op my. Hy hie om my al yn Starum út it wetter stappe mocht. Dan hie er al in held west." Dat wie dit jier ek in reden om mei te dwaan. "Ik fyn dat in goed doel en leau net dat der oait genôch jild wêze kin foar ûndersyk nei kanker."

Van Dijk is der wis fan dat de trijetûzen meiswimmers Maarten helpe. "En ek al rêdt er it net, dan noch is it geweldich"

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
(advertinsje)
(advertinsje)