Boargemaster by ramp op eilân

10 nov 2011 - 21:33
Foto: Omrop Fryslân

As der in ramp komt op ien fan de Fryske Waadeilannen bliuwt de boargemaster fan dat eilân op syn post om te koördinearjen. Dat hawwe de boargemasters mei elkoar besletten.

Neffens de offisjele ôfspraken moat de earste boarger fan in eilân no noch nei de noardlike meldkeamer yn Drachten om dêr it regionale beliedsteam mei oan te stjoeren. Boppedat moat in boargemaster yn 60 minuten yn Drachten wêze kinne. Dat slagget fan de Waadeilannen ôf net. Boargemaster Albert de Hoop fan It Amelân kaarte de kwestje tongersdei oan yn in gearkomste fan helpferlieningstsjinst Fryslân. Hy wol in útsûnderingsposysje foar de Waadeilannen. It ryk moat dêroer beslute.

Trefwurden: 
boargemaster
(Advertinsje)
(Advertinsje)