Feanster (24) feroardiele foar traapjen tsjin holle by rûzje yn Drachten

20 jun 2019 - 17:44

De rjochtbank yn Ljouwert hat in 24-jierrige man fan It Hearrenfean in finzenisstraf fan in jier oplein foar besykjen ta deaslach. De man hie yn Drachten spul hân nei it stappen, yn maart 2018. Doe't it slachtoffer nei hûs ta soe, waard hy tsjin de grûn wurke en stampte de fertochte him in tal kearen op de holle. De man rekke nei it sikehûs, dêr hat hy trije dagen lein. Neffens de rjochtbank hie it folle slimmer ôfrinne kinnen.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Der wie rûzje tusken de fertochte en it slachtoffer. Doe't it slachtoffer by syn fyts stie om nei hûs te gean, is de fertochte nei him ta rûn. In oar trape him tsjin de grûn en de fertochte skopte tsjin de holle oan.

De fertochte moat it slachtoffer mear as 5.000 euro skeafergoeding betelje. Hy hat de straf yn foararrest al útsitten. De offisier easke begjin juny in selstraf fan in jier en acht moanne ûnder betingst.

(advertinsje)