Nije Waadautoriteit sil net sels it Waad beheare

20 jun 2019 - 17:31

De nije Waadautoriteit sil net sels it Waad beheare. Dy taak hâlde de hjoeddeistige behearders lykas Rykswettersteat en de natuerbehearders. Wat sy ek hâlde binne de aparte budzjetten om harren wurk te dwaan. Dat stiet yn in brief dy't de ministers Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat en Carola Schouten fan Lânbou, Natuer en Voedselkwaliteit tongersdei nei de Twadde Keamer stjoerd hawwe.

De Waadsee by Gryn - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Der wurdt wol in nij oerkoepeljend behearplan yn 'e mande mei alle behearders opsteld foar it hiele Waad. Dat moat wer liede ta in bettere beskerming fan de natuergebieten en in better fiskbehear. De nije Waadautoriteit sjocht ta op de útfiering fan dat behearplan.

De komst fan in Waadautoriteit is ôfpraat by de foarming fan it nije kabinet. Takom wike tiisdei wurdt yn de Twadde Keamer oer it brief praat yn it Algemeen Overleg Wadden. De nije autoriteit is ûnôfhinklik en de deistige lieding is hannen fan twa direkteuren. Omdat de twa ministearjes en trije by it Waad belutsen provinsjes formeel ferantwurdlik binne foar it Waad oerlizze sy mei-inoar om knopen troch te hakken oer alle mienskiplike saken dêr't de nije Waadautoriteit oer giet.

It Waad by Koehoal - Foto: Remco de Vries

It bliuwt net by de komst fan in nije Waadautoriteit. Der komt ek noch in saneamd Bestjoerlik Oerlis Waad by en in Omjouwingsberied Waad. Dat nije bestjoerlike oerlis is der foar it ryk, de trije provinsjes, de kust- en eilângemeenten plus de wetterskippen. Dêryn giet it om 'strategyske beslútfoarming' foar it belied dat fierd wurdt yn it Waadgbiet.

Yn it Omjouwingsberied Waad besprekke en toetse it ryk en regionale oerheden foarstellen foar nij belied. Brûkers fan it Waad, organisaasjes út de mienskip en de Waadakademy wurde útnûge om dêroan mei te dwaan. De oerheden sels binne gjin lid, mar se skowe wol oan.

Kommissaris fan de Kening Arno Brok wurdt foarsitter fan it Omjouwingsberied en vice-foarsitter fan it Bestjoerlik Oerlis. Nije organisaasjes betsjut ek dat âlde organisaasjes en oerlizzen ferdwine. Dat jildt yn alle gefallen foar it Regiecollege Waddengebied en besteande oerlizzen oer behear.

Trefwurden: 
Waadgebiet Waadautoriteit
(advertinsje)
(advertinsje)