Omwenners Prins Hendrikkade Snits net bliid mei komst Garden of Dance

Undernimmers en binnenstêdbewenners fan Snits binne net bliid mei de nije lokaasje fan it Garden of Dance-feest yn de Snitswike. De gemeente hat it parkearterrein oan de Prins Hendrikkade oanwiisd. Dêr mei tsien nachten lang oant 1 oere dûnse wurde.
Omwenners Prins Hendrikkade Snits net bliid mei Garden of Dance
Earder fûn Garden of Dance plak yn de tún fan it gemeentehûs, mar dat wurdt ferboud. Plannen foar it Feemerkterrein waarden ek fan tafel fage. "Wy binne bot fernuvere dat wy út de media fernimme moasten dat it feest op ús parkeartterein plakfine sil", seit assistint-filiaallieder Geert Jan Schoonbergen fan skuonketen Bristol. "Us haadkantoar hat no kontakt opnaam mei de gemeente Súdwest-Fryslân, want dit kostet ús fansels omset."

Binnenstêdbewenners sizze dat se benaud binne foar harren rêst. Jan van der Werf wennet yn in appartemint oan de Prins Hendrikkade. "Ik werk veertig uur per week, dus ik vrees dat ik er 's nachts wel last van zal hebben. Aan de andere kant: ik ben zelf ook jong geweest en gun de jeugd in de Sneekweek ook wel hun feestje."
Snitsers binne net bliid mei de komst fan Garden of Dance by de Prins Hendrikkade
It dancefeest yn de Snitswike © Organisaasje Garden of Dance

Snitswike kompakter meitsje

Sizze je Snitswike, dan sizze je ek feest. Dat fynt ek ûndernimmer Ronnie Jochems. Hy hat in barbershop yn de binnenstêd fan Snits. "In Sneek weten we dat het met de Sneekweek druk is in de stad. Een feestje hoort daarbij, maar ik zou zelf voorstander zijn van vijf dagen feest en dan gewoon lekker de muziek aan, maar dan is de overlast wel beperkter."