Dochters grytman Van Goslinga woene famyljenamme bewarje mei pronkgrêf

20 jun 2019 - 15:48

Neist roubuorden en epitafen binne fan de adel yn de Fryske tsjerken ek noch in pear praal- of pronkgrêven oerbleaun. En ek dy freegje ûnderhâld. Bygelyks dy fan Sicco van Goslinga yn Doanjum.

Sicco van Goslinga wie grytman fan Frjentsjerteradiel, berne yn 1664 en stoarn yn 1731. Hy wie lid fan de Steaten fan Fryslân en fan de Steaten Generaal fan de Republyk fan Sân Provinsjes. In diplomaat dy't in rol spile by de Frede fan Utrecht. Hy en syn frou hiene allinnich mar dochters. Dy woenen de famyljenamme bewarje en dêrom is der in pronkgrêf makke.

In pronkgrêf opknappe is mear as skilderwurk opknappe en houtrot fuortwurkje. Der moast ek in saakkundige yn natuerstien oan te pas komme. Der sieten skuorren yn de wand, dêr't waar en wyn trochhinne kamen en it grêf en de ornaminten oantaasten

Wat bart der yn Doanjum by it pronkgrêf fan Sicco van Goslinga?

En no't alles wer yn folle gloarje wersteld is, is dúdlik te sjen wat de konneksjes fan dizze belangrike man en fan syn famylje wienen. Nammen en wapens fan ûnder oare Van Aylva, Scheltema, Cammingha en oaren binne oanbrocht op it grêf.

Byld fan Sicco van Goslinga en aadlike famyljewapens - Foto: Ronnie Porte
(Advertinsje)
(Advertinsje)