Fytsers fine mitrailleur by Lauwerseach

20 jun 2019 - 15:39

Twa fytsers hawwe tongersdeitemiddei in mitrailleur fûn flakby in militêr oefenterrein. It liket derop dat it wapen by in oefening efterlitten is. Definsje ûntkent en seit dat immen it wapen noch hieltyd yn it sicht hie, sa skriuwt RTV Noord.

Foto: ANP

De fytsers wiene ûnderweis by de Marnewaard doe't se it gewear tsjinkamen. Sy makken foto's en stapten wer op. Hjirnei hawwe se de fynst by de wachtkommandant fan de Willem Lodewijk van Nassaukazerne sjen litten.

Efterlitten by in oefening

De mitrailleur wie ûnderdiel fan in oefening. De militêren wiene dwaande mei in senario wêrby't de wapens fuortendaliks efterlitten wurde moasten.

As der sa'n oefening dien wurdt, is der in tafersjochhâlder dy't de wapens yn de gaten hâldt. "Hij heeft de situatie ingeschat en niet gehandeld. De fietsers stapten namelijk al snel weer op hun fiets om verder te gaan", jout in wurdfierder oan.

De mitrailleur wie echt, mar der waard sketten mei oefenmunysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)