Veiligheidsregio oer MSC Zoe: "Der hie earder opskaald wurde moatten nei GRIP4"

20 jun 2019 - 15:38

Der hie earder opskaald wurde moatten nei GRIP4, nei de kontenerramp mei de MSC Zoe yn jannewaris fan dit jier. Dat seit Ferd Crone, boargemaster fan Ljouwert en haad fan Veiligheidsregio Fryslân. Hy ûnderskriuwt de konklúzjes fan it rapport fan it Instituut voor Fysieke Veiligheid (IFV).

It Instituut voor Fysieke Veiligheid (IFV) hat tongerdei twa rapporten nei bûten brocht, mei dêryn útkomsten fan ûndersiken nei it funksjonearen fan ferskate autoriteiten, wilens en nei de kontenerramp. Lanlik is der benammen sjoen nei it funksjonearjen fan Rykswettersteat en op regionaal nivo giet it om de Veiligheidsregio. Dêrby is ûnder oare sjoen nei de ynset fan it rampeplan.

Neffens Crone makke it foar de operaasje op himsels net út oft earder opskaald wurden wie, mar dan hawwe de bestjoerlike lagen wol mear helderheid. Sa kaam bygelyks fanút it ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu de fraach nei GRIP4, om't der dan ien oansprekpunt is, en net fjouwer ferskate boargemasters.

Koördinaasje frijwilligers

Fuortendaliks nei de ramp mei de konteners, waard der in frijwilligersnetwurk opset om te helpen mei it opromjen fan de troep. Der wie doe krityk op it útbliuwen fan koördinaasje út de oerheid wei.

Crone wol yn oerlis mei de ferskate ferieningen en organisaasjes sjen nei wat in goede ynfolling wêze kin foar de ynset fan frijwilligers. Want moat de oerheid dêr wol yn stjoere? Ut de evaluaasje docht no bliken dat der wol gearwurking socht is, en dat dit ek de ideale wize wie om de frijwilligers op de goede plakken te krijen.

Ramp of kalamiteit

By it ûndersyk is ek sjoen nei de beneaming fan it barren. Yn de folksmûle waard it in ramp neamd, mar neffens de ynstânsjes moat it kategorisearre wurde as kalamiteit. It fielde foar it soad minsken grutter, om't it barde yn ien fan de meast wurdearre stikken natuer fan Nederlân.

Ferd Crone fan Veiligheidsregio Fryslân

Foto: Omrop Fryslân

Twadde rapport giet oer Rykswettersteat

It IFV hat yn opdracht fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat noch in twadde rapport makke. Dat ûndersyk giet oer de rol fan Rykswetterssteat.

By in soad minsken bestie de yndruk dat Rykswettersteat in folle gruttere rol hie by it opromjen as it gefal wie, skriuwe de ûndersikers. Dy rol beheinde him ta it opromjen fan de kontenertroep op de platen yn de Waadsee en it soargjen foar in feilich skipfeartferkear. Wat op de strannen lei, wie foar de gemeenten. Rykswettersteat hat oantrune op de opskaling nei GRIP4. Dat makke it mooglik de oanpak fan alle belutsen partijen beter te koördinearjen.

Rykswettersteat hat mear dien as dêr't sy wetlik ta ferplichte binne, troch bygelyks it inisjatyf te nimmen ta in mienskiplik plan om de rotsoai op te romjen.

Goede ôfstimming

Der moast in hiel soad gearwurke wurde, want der binne ek nochal wat partijen aktyf en ferantwurdlik foar it Waad. De minister skriuwt dêr yn har brief oan de Twadde Keamer it folgjende oer: "De aard van het incident vereiste nauwe afstemming en samenwerking met de algemene keten. Daarbij was de organisatie deels afhankelijk van een opschaling naar GRIP-4 door de veiligheidsregio."

Boargemaster Bert Wassink fan Skylge

(Advertinsje)
(Advertinsje)