Fiif meiwurkers Ljouwerter bedriuw nei sikehûs troch fergiftige stof

20 jun 2019 - 15:40

By it bedriuw Fiber-Line oan de Uranuswei yn Ljouwert binne tongersdei sân meiwurkers net goed wurden. Dat kaam troch wurksumheden oan 'e flier wêrby't in gemyske stof frijkaam. Der waard fuortendaliks grut alaarm slein en de helptsjinsten wiene gau manmachtich te plak. Fiif slachtoffers binne mei ambulânses nei sikehûs MCL oerbrocht. It giet nei omstannichheden goed mei harren. Meiwurkers fan de brânwacht Ljouwert hawwe it gebou ûndersocht en mjittings dien om de oarsaak te efterheljen.

De problemen ûntstiene doe't yn it bedriuw in flier bewurke waard mei epoksy, fertelt foarljochter Marten Klaas Brinksma fan de brânwacht. Dêr kamen stoffen by frij. Ferskate minsken waarden dêr dûzelich fan. Se waarden mislik en moasten spuie.

"Doe giene fuortendaliks de alaarmbellen rinkeljen." It aparte wie dat de minksen dy't mei it wurk sels dwaande wiene, der net raar fan wurden binne. Dat wie it gefal mei oaren yn it gebou. Dêr sil grif fentilaasje in rol by spile hawwe, seit Brinksma. Soks is hiel wichtich as jo sok wurk dogge.

Mei-inoar binne sân minsken net goed wurden yn it bedriuwsgebou fan Fiber-Line. Twa fan harren wiene út de tiid rekke en fiif moasten úteinlik nei it sikehûs. De twa oaren waarden holpen yn ambulânses.

De helptsjinsten wiene manmachtich oanwêzich om de slachtoffers by te stean. De oare meiwurkers waarden earst bûtendoar en letter yn kantoarromtes opheind. De Uranuswei waard tsjin fjouwer oere wer frijjûn foar it ferkear en ek it bedriuw sels waard wer feilich ferklearre troch de brânwacht.

De meiwurkers fan Fiber-Line waarden nei ôfrin fan it ynsidint bypraat troch de brânwacht. Neffens Brinksma fan de brânwacht is goed hannele by it bedriuw troch fuortendaliks it gebou te ûntromjen en de helptsjinsten te beljen.

It ynternasjonale bedriuw Fiber-Line makket syntetyske fezels. Ien fan de wichtige merken foar it bedriuw is bygelyks de glêsfezel-kabel-yndustry.

Wurdfierder Marten Klaas Brinksma fan de brânwacht

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
(Advertinsje)
(Advertinsje)