Partij voor de Dieren Ljouwert stelt fragen oer de feiligens fan jarrekolken

De fraksje fan de Partij voor de Dieren yn de gemeente Ljouwert wol witte hoe feilich oft de flierren yn stâlen fan buorkerijen binne. Sa no en dan komme der berjochten binnen dat bargen of kij troch flierroasters yn 'e stâl sakje en yn harren dong de dea fine. De fraksje wol witte wat de gemeente docht om sokke ûngelokken foar te kommen.
De brânwacht yn in jarrekolk © ANP
Neffens de fraksje binne der yn 2019 oant no ta al op syn minst seis ûngelokken bard wêrby't fee troch de flierroasters sakken en yn de jarrekolk ûnder de stâl kamen. Dêr reitsje de bisten bedwelme troch de fergiftige gassen en sy ferdrinke yn de dong.

Wol foldwaande kontrôle?

Ek yn Fryslân barre somtiden sokke ûngelokken. Fraksjefoarsitter Caroline de Groot: "Leeuwarden is tot nu toe gespaard gebleven, maar de vraag is of dit geluk dan wel wijsheid is." Sy wol witte hoefolle feehâlderijen oft der binne yn de gemeente en oft der wol kontrolearre wurdt of de flierren feilich binne.
Fierder wol de fraksje witte oft de brânwacht yn Ljouwert wol kompetint is om bisten te rêden út jarrekolken, bygelyks oft sy takelynstallaasjes en jarrekolkpakken hawwe.