Amelanners wolle dat F16's heger oerfleane

20 jun 2019 - 14:07

Amelanners wolle dat F16's fan de fleanbasis Ljouwert heger oer it eilân fleane. Ek wolle sy dat Definsje noardliker boppe de Noardsee oefenet. De oerlêst is de ôfrûne wiken tanaam.

Foto: ANP

De eilanners hawwe benammen lêst fan de oefeningen boppe de Noardsee. Dêr oefenje de fleantugen ûnder oare op it ûnderskeppen fan fijanlike tastellen. It lûd dêrfan is goed te hearren op de eilannen.

Leppelbakken yn 'e stress

As de tastellen oer It Amelân fleane komt it foar dat leppelbekken opfleane, seit natoerbehearder Richard Kiewiet. Neffens him is de rêst fuort. "Er komen 200.000 mensen per jaar naar 't Oerd voor hun rust. Die is er overdag nu niet altijd. Daar wordt over geklaagd door de toeristen."

Fleane sy heger oer, sa tinkt Kiewiet, dan is de oerlêst minder. Ek fan Skylge ôf komme klachten. Ek dêr fine guon dat der mear oerlêst is as oars.

Foarljochting

Kiewiet wol dat de fleanbasis mear docht oan foarljochting. Dan is dúdlik wannear't der krekt oefene wurdt. Dat hat hy ek oanjûn by de fleanbasis. Wurdfierder Jayme Tol seit de klachten en suggestjes serieus te nimmen. Hy wol de Waadeilannen yn de takomst wer mear behelje yn de foarljochting oer oefeningen.

Heger fleane gjin opsje

Boppe de eilannen leit in grut oefengebiet. Dêr kinne de tastellen frij oefenje. Op it stuit rint by de loftmacht de FWIT, dat is in oplieding foar wapenynstrukteurs. "Er worden bij deze training bijvoorbeeld missies gevlogen waarin de kustlijn verdedigd moet worden. Dat kun je niet 20 kilometer buitengaats doen."

Der wurdt flein tusken moarns acht en middeis fiif oere. Tol: "Maar niet de hele tijd. We vliegen maar een kwart van de tijd. We hebben ook maar een beperkt aantal routes naar ons oefengebied. De route over Ameland is daar één van. Daar kunnen we niet omheen."

Heger fleane is gjin opsje. Dêrfoar leit it eilân te ticht by de fleanbasis. Fleane de tastellen heger dan is it hast ûnmooglik om feilich te lânjen op Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)