Ikeprosjesjerûpen fuortsûge op It Hearrenfean

It probleem wurdt alle jierren grutter: de ikeprosesjerûp. It ynsekt dat mei syn brânhierkes foar in hoop ellinde soargje kin, skuort ek yn Fryslân op. Hieltiten mear stêden en doarpen ha der mei te krijen. En dan binne der drastyske maatregels nedich. Op It Hearrenfean sette se der in grutte stofsûger foar yn.
Ikeprosjesjerûpen fuortsûge op It Hearrenfean
Goed ynpakt yn in spesjaal pak, mei in helm en in grutte stofsûger, stiet in meiwurker fan in bestridingsbedriuw út Uffelte op in heechwurker. De stofsûger hat in spesjaal filter, dêr't de brânhierren yn opfongen wurde.
It tal ikeprosesjerûpen nimt behoarlik ta. Dat seit ek Piet van der Leeuw út It Hearrenfean. Fan 200 beammen mei nêsten, nei 700 beammen. Hy is bliid dat it bedriuw de nêsten fuorthellet. "By in boarterstún stiene in pear beammen dêr't de nêsten útwaaid binne. De brânhierren kamen yn de strûken telâne en de bern dy't op it terrein boarten krigen allegearre klachten. Dat moat oplost wurde."

Hieltyd slimmer

It bedriuw seit dat is hieltyd slimmer wurdt yn It Hearrenfean, mar net allinnich dêr. "Wij beheersen het een beetje. De lijsten worden steeds langer, van adressen en plaatsen waar we naartoe moeten", fertelt de meiwurker.
Ek wurdt der lang net altyd sjoen hoefolle nêsten der yn in beam sitte. It bedriuw hat tongersdei ek nêsten út in beam by in berne-opfang yn It Hearrenfean helle. Der waard melding makke dat der twa nêsten sjoen wiene. Doe't hy de beam yn gie, hat er dêr wol 25 nêsten oantroffen.
Ferslachjouwer Timo Jepkema is by it bestridingsbedriuw
Ikeprosjesjerûpen fuortsûge op It Hearrenfean