Kramer wol sa gau mooglik dúdlikheid foar boeren nei stikstofútspraak Ried fan Steat

20 jun 2019 - 13:27

De útspraak fan de Ried fan Steat oer it 'oanpakken fan stikstof' is in grut probleem. Dat seit deputearre Johannes Kramer. De Ried fan Steat sei ein maaie dat Nederlân mear dwaan moat om it útstjitten fan stikstof tebek te kringen.

Foto: FNP

Dat betsjut bygelyks dat bedriuwen tenei net earder bouwe meie as der in stikstofplan leit mei maatregels om de ekstra stikstof dy't frijkomt te kompensearjen. Boeren dy't gebrûk makken fan de PAS-regeling foar stikstof witte no net wêr't se oan ta binne. Kramer stribbet der nei om dêr sa gau mooglik dúdlikheid foar te krijen. "Dy groep meie we perfoarst net sitte litte", sa seit de lânboudeputearre.

210 projekten ûnder druk

Neffens in earste ynventarisaasje fan minister Carola Schouten steane yn hiel Nederlân sa'n 210 gruttere projekten ûnder druk. Tsientallen projekten driigje sels te sneuveljen. It giet dêrby om farwegen, om lânbouprojekten, om wenningbou, mar ek om rekreaasjeprojekten en dykfersterking.

De útspraak jildt foar alle bouplannen, wêrby't masines brukt wurde, want dy stjitte stikstoffen út.

Deputearre Johannes Kramer

De minister makket dy ynventarisaasje yn gearwurking mei de provinsjes. Deputearre Kramer hat de list noch net sjoen, mar hâldt der rekken mei dat de útspraak ek konsekwinsjes hat foar Fryske projekten, lykas de brede slûs yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân. "De útspraak jildt foar alle bouplannen, wêrby't masines brukt wurde, want dy stjitte stikstoffen út."

BV Nederlân moat trochdraaie

It oplossen fan de stikstofproblematyk wurdt noch in toer foar de oerheden, want tagelikertiid moat de natuer beskerme wurde, mar moat ek de BV Nederlân trochdraaie. "Dat kin troch ferskate maatregels", seit Kramer. "Minder hurd autoride skeelt in stik, of net mear fleane. Mar it is yn it foarste plak oan de belutsen ministers en de Twadde Keamer om dêr in útwei yn te finen."

Kramer is sels freed yn Den Haag foar bestjoerlid oerlis oer it stikstofprobleem. Kramer sil dêrby yn it foarste plak oantrune op dúdlikheid foar de boeren. Dy hoegden earder allinnich mar in melding te dwaan yn it ramt fan de PAS-regeling, mar soene no in fergunningproseduere trochrinne moatte. "By de boeren leit op dit stuit myn earste soarch."

Deputearre Johannes Kramer oer de stikstofproblematyk

Ko yn de greide - Foto: Shutterstock.com
(Advertinsje)
(Advertinsje)